Agenda:

   Taal:    nederlands   Frysk Welkom Nieuws Kerk Terkaple Prikbord Contact  

Menu

Dorpen en bewoners
Plaatselijk belang
De Earrebarre
jaargang 1, nummer 1, 3e kwartaal 2003
jaargang 1, nummer 2, 4e kwartaal 2003
jaargang 1, nummer 3, 1e kwartaal 2004
jaargang 1, nummer 4, 2e kwartaal 2004


Voorzieningen
Jongeren
Verenigingen
Bedrijven
Agenda
Fotoalbums
Youtube
Gastenboek
Links


 

 

 

Allerearste doarpskrante

Eagmaryp-Terkaple

FOARWURD 

Bêste doarpsgenoaten.

Hjir foar jimme leit dan de allerearste doarpskrante fan Eagmaryp-Terkaple. Wy hoopje dat dit de earste is fan in hele lange rige. Wy as redaksje, ha der oh sa’n nocht oan om dit fan’e grûn te krijen, mar wy kinne dit net allinne. Wy ha jimme ynformaasje nedich, jimme nijs, jimme berjochten, jimme ideeën. Wy wolle graach in soad nijs fan de ferskate ferieningen hjir yn ús doarpen ha. Wy sille mei elkoar besykje moatte om der in leuke krante fan te meitsjen.

It nijs fan dizze krante wurdt yn sawol it Nederlânsk as it Frysk oanbean. It is mar krekt yn hokker taal wy de berichten oanlevere krije.

En we moatte fansels noch in namme ha foar de krante. Jimme sjogge in grut, leech fak boppe oan dizze side stean. Yn dat fak moat de oare kear dat de krante útkomt (1e wike desimber), de namme stean. Jou ús asjebleaft safolle mooglik nammen troch dy’t jimme gaadlik lykje as doarpskrantenammen. Jim kinne de nammen ynleverje by de redaksjeleden fia bryfkes, tillefoan of e-mail. De adressen steane achterop de krante.

Fierder steane wy fansels iepen foar alle ideeën en suggestjes dy’t by jimme boppe komme. Dingen wer’t je fan tinke: dat soe ik leuk fine om yn de krante te hawwen. Jou it oan ús troch; wy kinne ús foardiel der wer mei dwaan.

En dan no mar in soad lêsplesier tawinske!

De redaksje

PRIJSVRAAG

Zoals jullie bovenaan kunnen zien, zijn we nog op zoek naar een naam voor deze allereerste dorpskrant. Wij dagen jullie bij deze uit om hiervoor een leuke naam, eventueel met logo, te verzinnen. Natuurlijk is er voor de winnende naam een leuke prijs beschikbaar. Wat dat is? Lever je suggestie in en als je de winnende naam hebt verzonnen kom je hier vanzelf achter. In de volgende dorpskrant zal de winnaar bekend worden gemaakt.

 

PUUR NATUUR    

Rondeau septimber:

 

Septimber is de moaiste tiid fan ’t jier;

de grize wale moarns oer fjild en fearten,

de hagen fol mei reachjes, wiet en skier.

It einekuorrereid yn stûken setten.

 

Septimber dat is strune lâns de petten,

de lytse swarte michjes yn dyn hier.

Septimber is de moaiste tiid fan ’t jier;

de droege eastewyn op nôt en earten.

 

En op de doarpen merke en fertier.

Twa dagen lang wurdt alle soarch fergetten.

nei de revu noch eefkes fan ‘e flier…

Sa tusken simmerdei en hjerst besletten

leit septimber, de moaiste tiid fan ’t jier.

Boppesteand fers is, sa‘t de namme al seit, in rondeel. It rondeel is yn ‘e 16-e ieuw yn Frankryk ûntstien. Rondelen kinne in ferskillende foarm en lingte ha. Twa eigenskippen binne lykwols ferplichte;

1)    der meie mar twa rymklanken brûkt wurde  en

2)    sa no en dan moat ien fan de rigels yn syn gehiel werom komme.

Troch dizze werhelling kriget in rondeel automatysk wat muzikaals. In rondeel kin dus, as it lang genôch is, frij maklik in ferske wurde. In protte rondelen wurde dan ek song.

Jurjen van der Meer