Agenda:

   Taal:    nederlands   Frysk Welkom Nieuws Kerk Terkaple Prikbord Contact  

Menu

Dorpen en bewoners
Plaatselijk belang
De Earrebarre
jaargang 1, nummer 1, 3e kwartaal 2003
jaargang 1, nummer 2, 4e kwartaal 2003
jaargang 1, nummer 3, 1e kwartaal 2004
jaargang 1, nummer 4, 2e kwartaal 2004


Voorzieningen
Jongeren
Verenigingen
Bedrijven
Agenda
Fotoalbums
Youtube
Gastenboek
Links


 

FOARWURD

Bêste doarpsgenoaten,

Ja hear, hjir is hy wer: de doarpskrante. En dizze twadde krante is al krekt like dik as de earste. Prachtich om te sjen dat de krante sa libbet yn ús doarpen.

Jimme sjoche wol dat wy ek al in namme hawwe: de Earrebarre. Efkes fjirderop kinne jimme lêze wa’t dizze namme betocht hawwe. Boppedat wurdt der noch wurke oan in herkenber logo. Hooplik stiet dat nije logo foarop ús folgende krante.

No hiel wat oars: jimme sille begripe dat wy jild nedich binne (foar papier en kopieerkosten) om dizze krante út te jaan. Hoe’t wy tinke oan dit jild te kommen?: wy hoopje – en rekkenje – op jimme ynbring. Troch bygelyks it pleatsen fan advertinsjes besykje wy wat út de kosten te kommen. Mar frywilliche bydragen binne fansels ek mear dan wolkom, sa net ûnmisber. Efter yn dizze krante stiet mear ynformaasje te lêzen oer advertinsjes en donaasjes.

As lêste noch in ideetsje: fansels kinne jimme dizze krant ek brûke om spullen te keap oan te bieden of te freegjen. Dus hawwe jimme noch wat oer, of sykje jimme just iets, lit it ús witte!

De redaksje.

PRIJSVRAAG

Zoals iedereen heeft kunnen lezen in de allereerste dorpskrant daagde de redactie de inwoners van Terkaple/Akmarijp uit om met een suggestie te komen voor een passende naam voor de dorpskrant. Uit de overweldigende hoeveelheid reacties (welgeteld 2 reacties) is de bovenstaande naam gekozen. Deze is door Astrid en Sigrid Esther Hoogland te Akmarijp ingezonden en zij winnen hiermee een luxe banketletter. Hartelijk gefeliciteerd!

SNOEKEDEI 2003

Wol hast sa ‘n 40 jier geane, elke earste sneon fan oktober, de mânlju fan ús doarpen in dei meiinoar te fiskjen. Lang lyn opsetten troch Douwe Adema en Anthoon Boersma is dizze dei útgroeid ta in fenomeen. Ek dit jier stiene moarns betiid wer sa ‘n 30 man paraat. De opdracht wie wer simpel. Wa fangt de grutste fisk.. Middeis om in oere as 5 kaam de organisaasje, yn restaurant “de Klokkestoel” yn Goaiingaryp, ta dizze útslach.

4: Lammert Haven -in snoek fan 68 sm.

3: Jurjen van der Meer -in snoek fan 70 sm.

2: Jelle Postma -in snoek fan 91 sm

1: Albert Brink-in snoek fan mar leafst 111 sm.

Alle fisken binne, sa goed as wy dat witte, nei de fangst wer frij litten.


Albert Brink my in snoek fan 111 sm.