Agenda:

   Taal:    nederlands   Frysk Welkom Nieuws Kerk Terkaple Prikbord Contact  

Menu

Dorpen en bewoners
Plaatselijk belang
De Earrebarre
Voorzieningen
Jongeren
Verenigingen
Bedrijven
Agenda
Fotoalbums
Youtube
Gastenboek
Links


09 - 03 - 2017 - Bericht van de gemeente: Iepen Mienskipsfûns Zuidwest


Iepen Mienskipsfûns Zuidwest

 

Wolle jo mei oare ynwenners wat dwaan om jo buert, doarp of regio foarút te helpen? Provinsje Fryslân is op syk nei inisjatyfrike ynwenners mei goede ideeën. Mei it Iepen Mienskipsfûns (IMF) helpt de provinsje dizze ideeën út te fieren.

 

It IMF is bedoeld om goede inisjativen dy’t de leefberens yn Fryslân fergrutsje, fierder te helpen. Dat binne projekten dy’t meitsje dat jo noflik wenje en libje yn jo omjouwing. Tink bygelyks oan projekten op it mêd fan leefberens, kultuer, duorsumens, lânskip en kultuerhistoarje. Mar ek projekten foar en mei doelgroepen dy’t net automatysk yn de maatskippij meidogge.  

 

Dus wolle jo in nij kultureel barren organisearje, in soarchkoöperaasje oprjochtsje, gearwurking tusken sportferienings opsette, âlderen en jongeren op in leuke wize mei elkoar yn kontakt bringe of in skatebaan delsette? Of miskien ha jo in hiel oar idee? Kom lâns!

 

Der binne elts jier trije oanfraachperioades, de saneamde tenders. Tidens in tender kinne jo in oanfraach yntsjinje. Ha jo in goed idee? Meld it op www.streekwurk.frl/imf ! De projektadviseur fan Streekwurk of jo doarpekoördinator nimt dan kontakt mei jo op. Tegearre sjogge wy nei de mooglikheden by it IMF. En wy tinke ek graach mei jo mei om it inisjatyf foarút te helpen.

 

Wy ha it sa maklik mooglik makke om in oanfraach yn te tsjinjen, mar fansels binne der wol in pear spulregels:

-              De oanfraach wurdt yntsjinne troch in feriening of stichting

-              Der moatte mear minsken en/of organisaasjes efter stean en meiwurkje

-              Jo wurkje sels (mei oare frijwilligers) mei oan de útfiering

-              De subsydzje is maksimaal 40% fan de subsidiabele kosten en is nea heger as

€ 3.000 foar nije eveneminten, € 10.000 foar lytse maatskiplike inisjativen en

€ 35.000 foar grutte maatskiplike inisjativen

-              By in oanfraach heart in projektplan, in kostenbegrutting, in dekkingsplan en (as fan tapassing) in ynskriuwing by de Kamer van Koophandel

 

Koartsein, ha jo in goed idee, lit it ús gau witte!

 

Doarpekoördinatoaren gemeente De Fryske Marren

Karien Aardema                  k.aardema@defryskemarren.nl    06-12681141

Hendrik Hoekstra                h.hoekstra@defryskemarren.nl   06-22660663

Klaas Knobbe                      k.knobbe@defryskemarren.nl      06-54262444

Ypie Kroes                            y.kroes@defryskemarren.nl          06-52887331

 

Streekwurk Zuidwest Fryslân (De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân)

Maeike Lok                           m.lok@fryslan.frl                             06-54684063

Wim van Gorkum                w.vangorkum@fryslan.frl              06-52451694

Tjallie van der Wekken      t.vanderwekken@fryslan.frl          058-2925964

 

Iepen Mienskipsfûns Zuidwest

 

Wilt u met andere inwoners wat doen om uw buurt, dorp of regio vooruit te helpen? Provincie Fryslân zoekt initiatiefrijke inwoners met goede ideeën. Met het Iepen Mienskipsfûns (IMF) helpt de provincie deze ideeën te uit te voeren.

 

Het IMF is bedoeld om goede initiatieven die de leefbaarheid in Fryslân vergroten, verder te helpen. Dat zijn projecten die zorgen dat u prettiger woont en leeft in uw omgeving. Denk bijvoorbeeld aan projecten op het gebied van leefbaarheid, cultuur, duurzaamheid, landschap en cultuurhistorie. Maar ook projecten voor en met doelgroepen die niet automatisch in de maatschappij meedoen.

 

Dus wilt u een nieuw cultureel evenement organiseren, een zorgcoöperatie oprichten, samenwerking tussen sportverenigingen opzetten, ouderen en jongeren op een leuke manier met elkaar in contact brengen, of een skatebaan aanleggen? Of misschien heeft u een heel ander idee? Kom langs!

 

Er zijn ieder jaar drie aanvraagperiodes, de zogenoemde tenders. Tijdens een tender kunt u een aanvraag indienen. Heeft u een goed idee? Meld het op www.streekwurk.frl/imf ! De projectadviseur van Streekwurk of uw dorpencoördinator neemt contact met u op. Samen bekijken we de mogelijkheden voor het IMF. En we denken ook graag mee om uw initiatief vooruit te helpen.

 

Wij hebben het zo eenvoudig mogelijk gemaakt om een aanvraag in te dienen, maar natuurlijk zijn er wel een paar spelregels:

-              De aanvraag wordt ingediend door een vereniging of stichting

-              Er moeten meerdere personen en/of organisaties achter staan en meewerken

-              U werkt zelf (met andere vrijwilligers) mee aan de uitvoering

-              De subsidie is maximaal 40% van de subsidiabele kosten en is nooit hoger dan

€ 3.000 voor nieuwe evenementen, € 10.000 voor kleine maatschappelijke initiatieven en € 35.000 voor grote maatschappelijke initiatieven

-              Bij een aanvraag hoort een projectplan, een kostenbegroting, een dekkingsplan en (als dat van toepassing is) een inschrijving bij de Kamer van Koophandel

 

Kortom, heeft u een goed idee, laat het ons snel weten!

 

Dorpencoördinatoren gemeente De Fryske Marren

Karien Aardema                  k.aardema@defryskemarren.nl    06-12681141

Hendrik Hoekstra                h.hoekstra@defryskemarren.nl   06-22660663

Klaas Knobbe                      k.knobbe@defryskemarren.nl      06-54262444

Ypie Kroes                            y.kroes@defryskemarren.nl          06-52887331

 

Streekwurk Zuidwest Fryslân (De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân)

Maeike Lok                           m.lok@fryslan.frl                             06-54684063

Wim van Gorkum                w.vangorkum@fryslan.frl              06-52451694

Tjallie van der Wekken      t.vanderwekken@fryslan.frl          058-2925964



  Terug